Vertaling: Nederlands – Fries
Door: Jantsje Oost
Programma GrienLinks
Gemeente Achtkarspelen
2018 – 2022
Sosjaal
Grien en Duorsum
Iepen
"Stel dy doch ris foar dat it giet om better yn stee fan mear. Dat wy groei net ôfmjitte oan jild en dat it giet oer minsken yn stee fan oer sifers. It kin! As wy der foar kieze. Kieze foar banen yn stee fan noch mear besunigje. Kieze foar it beleanjen fan goede soarch en oandacht yn stee fan winst en groei. Kieze foar duorsume enerzjy in stee fan 'schaliegas' en koalesintrales. Dat is dêr't GrienLinks foar stiet, want it giet om minsken en net om sifers."
Bram van Ojik (fraksjelid GrienLinks yn de Twadde Keamer)
It kin oars. It moat oars!
Yn de kampanjetiid foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 15 maart 2017 hat GrienLinks as tema keazen 'It kin oars. It moat oars'. Dat is dien, omdat it opfallend is dat alles wat der werklik ta docht en wat fan wêzenlike wearde is, net echt meitelt yn ús hjoeddeisk ekonomysk systeem en faai stiet. Soarch, Wurk en Grien: it liket krekt as docht it der allegear net ta.
GrienLinks tinkt dat it oars kin, wy tinke dat it better kin.
Wy fine dat ek de lokale polityk dy fisy, hoop en rjochting biede moat en dêr wolle wy foar stean. Wy wolle opkomme foar alles wat kwetsber is yn ús maatskippij. Minsken mei in leech ynkommen, bern yn in earmoedeposysje, minsken mei in beheining, minsken dy't soarch nedich ha. Foar dierewolwêzen, natuer en miljeu, bioferskaat en duorsumheid.
Yn Achtkarspelen soenen wy as GrienLinks dêrfoar gean wolle. Yn ús gemeente is noch mear ferlet fan in linkser lûd. GrienLinks soe dêrom yn ús gemeente fertsjintwurdige wêze moatte.
In stim op GrienLinks is in stim foar feroaring. Wy wolle in mienskip dêr't minsken sintraal stean, it miljeu foarop komt en dêr't it net giet om meer, mar om better. Wy binne foar in ècht earlik dielen. It dielen fan betelle arbeid en soarchtaken, it dielen fan wolfeart troch ûnder oare in goed, gedegen minimabelied, it dielen fan miljeu en natuer mei takomstige generaasjes. Hoe't wy dat foar ús sjogge kinne jo lêze yn dit ferkiezingsprogramma.
Wy binne motivearre om yn de gemeente Achtkarspelen oan 'e slach te gean.
It bestjoer,
ôfdieling GrienLinks Achtkarspelen / Tytsjerksteradiel.
It kin oars. It moat oars. Ek yn Achtkarspelen.
De sosjale gemeente
GrienLinks wol dat elkenien, ek yn ús gemeente, in fatsoenlik bestean opbouwe kin. Elkenien moat meidwaan kinne fia in betelle baan, frijwilligerswurk of op skoalle. As it minsken sels net slagget om in baan te finen, dan wolle wy dat de gemeente dêrby helpt. As jo je baan ferlieze of siik wurde, moat der in goed sosjaal fangnet wêze. Achtkarspelen lit minsken noait yn 'e steek. GrienLinks fynt ek dat elk bern in goede start en in earlike kâns fertsjinnet. Om goed leare te kinnen op skoalle, mar ek om te ûntdekken wat syn of har dreamen binne. Yn de soarch stean net rigels en strukturen sintraal, mar oandacht foar de minske. Der is romte om te sjen nei wat minsken kinne en wat se sels wolle. Boppedat wolle wy dat elkenien wenje kin in in betelbere wenning.
De griene en duorsume gemeente.
GrienLinks set him yn foar in sûn en goed libben, no én yn de takomst. Wy wolle dat ús bern opgroeie kinne yn griene en sûne doarpen. Wy wolle dat bern soargeleas bûten yn it grien boartsje kinne. Uteinlik giet it der om dat wy allegear dogge wat wy kinne. Op ynternasjonaal, regionaal, en seker ek op lokaal nivo. De wrâldwide ôfspraken om klimaatferoaring in ho ta te roppen, passe wy fansels ta yn ús gemeente. Yn huzen wolle wy net langer ierdgas brûke foar de ferwaarming of om mei de sieden. Ek wenningen yn Achtkarspelen moatte better isolearre wurde. Wy sille ús eigen enerzjy opwekje. Dêrom kieze wy foar enerzjysunige huzen. As wy kieze foar skjinne, griene en sûne oplossingen, jouwe wy straks in sûne planeeten in lykwichtich klimaat troch oan ús bern.
De iepen gemeente
GrienLinks hat fertrouwen yn minsken. Wy leauwe dat elk minske sels wat fan syn of har libben meitsje wol en sels bydrage wol oan de eigen wenkrite. Dêrom jouwe wy romte oan belutsen boargers dy't harren omkriten griener, moaier of skjinner meitsje wolle. Dêrom jouwe wy fertrouwen oan dosinten, ferpleechkundigen en oare professionals dy't minsken helpe. En dêrom jouwe wy romte oan de winsken en de mooglikheden fan minsken sels, yn stee fan de rigels en strukturen fan organisaasjes blynwei te folgjen.
Programmapunten foar 2018 – 2022
De acht belangrykste punten foar Achtkarspelen.
• Wy stimulearje minsken en jouwe se de romte. Wy kieze foar in ynklusive mienskip: elkenien heart der by en elkenien docht mei. GrienLinks lit minsken net yn 'e steek.
• Wy wolle dat de gemeente him aktyf ynset om foar te kommen dat bern op 'e basisskoalle begjinne mei in achterstân. De foar- en betiidskoalse perioade freget om profesjonele observaasje, sinjalearing en de nedige edukaasje.
• Wy sette ús yn foar âlderen en minsken mei in beheining om sa lang as se wolle thús wenje te kinnen.
• Wy sette ús yn foar foldwaande sosjale hierwenningen en foldwaande hier- en keapwenningen foar starters en minsken mei in middenynkommen.
• Wy sette ús yn foar in leefbere griene wenkrite mei romte foar bermbelied mei in grut bioferskaat en ûntmoediging fan betegele tunen.
• Wy wolle yn ús gemeente sa folle mooglik gebrûk meitsje fan de sinne en de wyn, wy stimulearje enerzjyneutraal bouwen en it oprjochtsjen fan lokale enerzjy koöperaasjes.
• Wy jouwe foarrang oan skjin en effektyf ferfier: de fyts, de fuotgonger en elektrysk iepenbier ferfier. Ek in goede busferbining foar bygelyks tusken Bûtenpost, Surhústerfean en Drachten moat behâlden bliuwe en wer mooglik ferbettere wurde.
• Wy fiere in aktyf belied tsjin al te grutskalige lânbou en feehâlderij.
De sosjale gemeente
GrienLinks kiest foar in gemeente dêr't wy earlik diele. Yn ús gemeente krijt elkenien in earlike kâns op goed wurk, in fatsoenlik ynkommen en in betelbere wenning. Wy soargje der foar dat elkenien gebrûk meitsje kin fan minsklike soarch en it alderbêste ûnderwiis.
Earlike kânsen
Wa't dyn âlders binne, mei net bepale hoe fier ast komme kinst of hoe grut ast dreame kinst. Elk bern fertsjinnet in goede start. Us ûnderwiis moat der dêrom op rjochte wêze om de achterstannen dêr't bern mei begjinne, fuort te wurkjen en sa de talinten fan bern fierder te ûntwikkeljen. Gjin inkele jongere mei foar de tiid ôfheakje of ôfskreaun wurde. Elkenien dy't learplichtich is, sit op skoalle of folget in learwurktrajekt. Op skoalle en dêrbûten jouwe wy bern de romte mei foldwaande sport- en boartersfoarsjenningen.
Somstiden komme bern of jongeren yn sokke grutte problemen dat se help nedich ha. GrienLinks fynt dat jeugdsoarch bytiids optrede kinne moat, omdat sa in soad leed foar te kommen is. Wy fine wachtlisten echt ûnakseptabel. De soarch moat goed oanslûte by wat bern en jongeren nedich ha. Dêrom moatte bern en harren âlders ek sèls in stim hawwe yn it sykjen nei de bêste oplossing.
Lit bern net de dupe wurdefan earmoede. Ien op de njoggen bern groeit op yn earmoede. Dat komt net altyd omdat âlders yn in útkearingssituaasje sitte, mar hieltyd faker omdat wurkjende âlders yn snipperbaantsjes, fleksbaantsjes of as (skyn)selsstannige in te leech ynkommen ha. De gemeente kin regelingen en foarsjenningen foar bern ienfâldiger en better bekend meitsje en troch in 'earmoederegisseur' oan te stellen, dy't wurkjende earmen better yn byld bringt.
Elkenien docht mei
Foar elk minske is it belangryk om te wurkjen of om op in oare manier it gefoel te hawwen 'in stientsje by te dragen' oan de maatskippij. GrienLinks wol dat elkenien meidwaan kin. Fia betelle wurk, skoalle, mantelsoarch of frijwilligerswurk. As dat net slagget, is it taak fan de oerheid om minsken te helpen, bygelyks mei ekstra ûnderstypjen of begelieden. Us útgongspunt is altyd: minder regels en mear fertrouwen yn it frij kiezen fan de minsken sels. Wy wolle ôf fan de ûnnoadige 'pesterige' regels foar minsken mei in bystânsútkearing. Wy fine dat sy mear byfertsjinje meie en dat der minder twang oplein wurde moat.
De yn in foltiidsbaan wurkjende ynwenner fan Achtkarspelen is net better as de frijwillich wurkjende of yn dieltiid wurkjende boarger.
Frijwilligers en mantelsoargers soenen mear wurdearring krije moatte middels byg. 'zorgcredits'. De gemeente soe sollisitaasjeplicht foar mantelsoargers ôfskaffe moatte.
Grien Links hat gelikense behanneling en it bestriden fan diskriminaasje heech op it programma. Elk gefal fan diskriminaasje is ien te folle. Diskriminaasje stiet partisipaasje yn 'e wei. Minsken mei ferskillende achtergrûnen moatte harren thús fiele kinne yn Achtkarspelen. Elkenien hat it rjocht om oars te wêzen en der binne kânsen foar elkenien, likefolle etnyske achtergrûn, beheining, leauwe of seksuele foarkar. Elkenien fertsjinnet gelikense kânsen op wurk, in fatsoenlik ynkommen, goed ûnderwiis, goede soarch en in betelbere wenning.
Fakbûnen yn de regio biede stipe en advys om sa de kâns op in baan te fergrutsjen. Se jouwe dêrby ek trainingen yn it sykjen fan nij wurk. GrienLinks wol him ynsette foar minima en útkearingsgerjochtigden. Wurkje mei behâld fan útkearing is allinnich prima as dat giet op frijwillige basis.
Asylsikers dy't net werom kinne nei har heitelân, moatte opfongen wurde. De gemeente Achtkarspelen moat hjirby har ferantwurdlikheid nimme.
Minsklike soarch
Alderen en minsken mei in beheiningfertsjinje minsklike soarch. GrienLinks wol dat minsken sa lang mooglik thús wenjen bliuwe kinne yn harren eigen, fertroude wenkrite. Yn de soarch stean minsken dy't help nedich ha sintraal, mei harren eigen talinten en harren eigen behoeften. Dát moat it útgongspunt wêze, yn stee fan de regels fan de gemeente of it foech fan de ôfdielingen.
Wy fine ek dat de soarch breder wêze moat as allinnich mar it better meitsjen fan de pasjint. Der moat each wêze foar alle
problemen dêr't minsken mei te krijen ha: wurk, ynkommen, wenjen, sûnens en jeugdsoarch. Al dy terreinen moatte net apart, mar yn gearhing oanpakt wurde. It is belangryk dat profesjonele helpferlieners, ferpleechkundigen, fan de thússoarch, oare begelieders, skuldhelpferlieners, de hûshâldlike help, mantelsoargers en frijwilligers goed mei elkoar gearwurkje en elkoar fluch witte te finen. Fan sosjale wykteams ferwachtsje wy in 'der-op-ôf-mentaliteit': as minsken har by it loket melde omdat it wetter har oan de lippen stiet, wurdt der gjin ôfspraak makke foar oer seis wiken, mar wurde je fuortdaliks holpen.
Alderen krije soarch en hûsfestjen op mjitte. De frijheid fan minsken om soarch te kiezen dy't by harren past, en op in manier dy't sy noflik fine is foar GrienLinks in belangryk basisrjocht.
Troch sport en beweging te stimulearjen, te wurkjen oan sûne lucht, en sûn iten en drinken oan te bieden op skoallen, wolle wy sykte en oare sûnensproblemen besykje foar te kommen.
Alkohol misbrûk ûnder jongeren is in probleem. Omdat hjirtroch harsensskea ûntstean kin dy't net wer better wurdt, set GrienLinks him der foar yn om dit tsjin te gean. Skoallen en sportkantines wurde alkoholfrij. De gemeente sil in regyrol op har nimme moatte om ferantwurd alkoholgebrûk te befoarderjen.
Alle misbrûk fan middels wurdt yn gearwurking mei de plysje en ynstellingen dy't mei jongeren te krijen ha (ûnderwiis, wolwêzen en sport) planmjittich tsjin gien.
De griene en duorsume gemeente
Romte is kostber, dêr moatte je soarchfâldich mei omgean. Wy diele de romte meielkoar, natuer, minske en dier, gebouwen, wegen en brêgen. Us lânskip is in kostber besit, wy ha goud yn ús hannen. Alles moat rjochte wêze op duorsumheid. Dat hâldt yn dat wy ynfestearje wolle yn kwaliteit, berikberheid en leefberheid. Dus ek foar mear natuer as asfalt!
Natuer en lânskip binne ús kapitaal; dat wolle wy ferankerje. Duorsume enerzjy hat de takomst. No mear as oait.
2.1 Griene wenkrite
Wy sette ús yn foar in leefbere en griene wenkrite mei romte foar bermbelied mei in grut bioferskaat en ûntmoediging fan ferstienne tunen.
Skoalpleinen wurde grien ynrjochte. Griene en natuerlik ynrjochte skoalpleinen stimulearje de natuerbeleving en wurkje rêstjaand, yn tsjinstelling ta de tradisjoneel griis betegele skoalpleinen.
GrienLinks is foarstander fan in sirkulêre ekonomy. Der bestiet gjin ôffal. Plastic skieden ophelje om bewustwurding by de boargers te stimulearjen.
Wat fernijing fan de rioelearing oangiet is ús ynset dan ek dat himelwetter en de ôffoer fan rioelwetter meinommen wurde yn de systemen.
Ek sille wy de finger oan de pols hâlde by it hanthavenjen fan miljeufergunningen en it ferbetterjen fan de (nije) fergunningen.
GrienLinks is foar mear 'Griene Romten', mei goed ynsiedde gers- en blomsied. Is ek goed foar de bijepopulaasje en oare ynsekten. Dat no noch besteande iepen romten net folboud wurde. (Te tinken falt hjir byg. oan Bûtenpost, dêr't no noch in iepen romte leit tusken de Troelstralaan en de Halbertsmastraat, dêr't foarhinne in basisskoalle stie.) Ien en oar sa ynrjochtsje dat dit binnen de romtelike oardening past.
2.2 Diere wolwêzen
Dieren drage by oan de kwaliteit fan ús libben. De manier hoe't wy omgean mei dieren seit wat oer de mjitte fan beskaving. Mishanneling fan dieren en it hâlden fan dieren yn ûnnatuerlike omstannichheden moatte dan ek oanpakt wurde.
GrienLinks wol dat it hâlden fan bargen en hinnen yn grutte ôfsluten romtes – de saneamde yntinsive feehâlderij – ferbean wurdt. Dat hâldt yn dat wy gjin megastâlen en megaflats yn ús gemeente ha wolle. Dit sjoen ek oangeande de miljeubelesting. Wy wolle allinnich meiwurkje oan de útwreiding fan molkfeehâlderijen dy't dierfreonlik buorkje.
Ek binne wy foarstander fan mear greidfûgelfreonlike bedriuwen yn ús gemeente en wy stypje dan ek fan herten it inisjatyf Kening fan 'e greide, dat him ynset foar it behâld fan it unike greidelânskip yn Fryslân. Greidfûgelbelied stiet yn direkte ferbining mei bijebelied en it behâld fan bioferskaat. Wy binne bliid dat oandacht foar de skries en de krûderike greiden in spearpunt is fan Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018. Ek Achtkarspelen kin hjirby oanslute en ta bydrage; wy wolle dêr oandacht foar ha en ynisjatyf foar toane.
2.3 Duorsumheid
Wy meitsje yn ús gemeente sa folle mooglik gebrûk fan de sinne en de wyn, wy stimulearje enerzjyneutraal bouwen en it oprjochtsjen fan lokale enerzjykoöperaasjes.
In soad fan ús iten wurdt tsjintwurdich op grutte ôfstân ferboud. De hjoeddeiske trend is dat hieltyd mear minsken witte wolle wêr'tharren iten en drinken weikomme. Lokaal iten en drinken is boppedat minder belestend foar it miljeu. GrienLinks is in foarstander fan doarpstunen, mienskipstunen dêr't op natuerlike wize grienten en fruit ferboud wurde foar de lokale merk. Wurkje yn in doarpstún jout net allinnich farske giftfrije grienten, it leveret pleatslike wurkgelegenheid en it makket bern der fan bewust wêr't harren iten wei komt.
Rom baan foar fyts en iepenbier ferfier: frij lizzende fytspaden nei skoallen; fytspaden en haltes sa geunstich mooglik foar de gebrûkers (byg. senioaren en skoalbern); de busferbining tusken Bûtenpost, Surhústerfean en Drachten behâlde en wêr mooglik ferbetterje.
De gemeente stimulearret ynisjativen oangeande de opwekking fan duorsume enerzjy en it te foaren kommen fan CO2-útstjit. Troch warmtekrêftkoppeling, sinne, wyn en biomassa út reststromen. Sels enerzjy produsearje jout wurkgelegenheid. Bygelyks troch it oprjochtsjen fan in gemeentlik enerzjybedriuw foar de trochlieding.
Ynnovaasje is in belangrike taak fan de (lokale) oerheid. De gemeente brûkt har ynkeapmachtom ynnovaasjes te stimulearjen en te stypjen op wei nei de nije sirkulêre ekonomy. De gemeente jout it goede foarbyld troch sels sirkulêr en ynnovatyf te wêzen. De tawizing fan oerheidsopdrachten oan de hân fan sirkulêre duorsumheidskritearia. Duorsume, ynnovative en kreative lokale ûndernimmers geane foar.
De gemeente stelt in ambisjeus en ynnovatyf ferduorsumingsplan op foar it eigen fêst goed en foar ferduorsuming fan skoallen.
De gemeente begeunstiget de oprjochting fan in platfoarm foar Maatskiplik Ferantwurd Undernimmen. It is belangryk dat ûndernimmers byelkoar brocht wurde om elkoar kennen te learen, elkoar te ynspirearjen en meielkoar projekten ûnwikkelje te kinnen.
3. De iepen gemeente
GrienLinks stiet foar dyn frijheid. Yn in iepen maatskippij kinst wêze wa asto bist en sizze wat asto fynst. Do fielst dy dêr thús en feilich. Wy gean respektfol mei elkoar om. Ek al is immen oars as dy: wy jouwe elkoar in kâns. Altyd. Yn ús gemeente wenje minsken mei ûnderskate achtergrûnen, oertsjûgingen en foarkarren. As wy as mienskip groeie wolle, moatte wy ús àllegear yn elkoars problemen, gefoelens en opfettingen doare yn te libjen.
3.1 Efterstannen oanpasse.
Foarkomme fan efterstannen. Wy soargje dat de gemeente har aktyf ynset om foar te kommen dat bern op 'e basisskoalle begjinne mei in efterstân. Hjir is in profesjonele foar- en betiidskoalse edukaasje foar nedich.
3.2 Gjin ûnnedich flekswurk by de gemeente(n)
Jou as gemeente ek sels it goede foarbyld foar oare organisaasjes. GrienLinks stelt fêst dat yn de ôfrûne jierren flekswurk gâns tanommen is. Faak giet it om struktureel wurk, yn stee fan in tydlike ynset of pyk of sykte. De measte flekswurkers krije net deselde beleanning en ûntwikkelingsmooglikheden as de fêste meiwurkers.
Dat hat gefolgen foar de kwaliteit fan it wurk en dêr ha boargers ek hinder fan. Dêrneist feroaret de maatskippij en dêrmei ek de relaasje tusken de oerheid en de boarger. It is dêrom ek fan belang dat de gemeente struktureel ynfestearret yn de ûntjouwing fan har eigen meiwurkers.
3.3 Ekstra romte oan keunst en kreativiteit.
Keunst stelt fragen by wat wy tochten wis fan te wêzen. Keunst byldet wrâlden út dy't der net binne. Keunst ferriket ús libben en jout glâns oan ús bestean. Mar keunst kin ek bydrage oan ûntspanning, moeting en selsûntjouwing, bygelyks as minsken sjonge yn in koar, skilderles nimme of dûnsje yn in groep.
GrienLinks fynt it dêrom belangryk dat alle bern al jong tagong ha
ta kultuer – ûnôfhinklik fan it ynkommen fan harren âlders.
3.4 Leefberheid yn de hiele gemeente hâldt yn....
Ek goed ynternetferkear yn de bûtengebieten.
Yn oerienstimming mei it ûnderwiis biedt de gemeente passend ûnderstypjen oan by it opfieden en opgroeien fan soarchlearlingen, dosinten en húshâlding.
Achtkarspelen soe starte kinne mei in fertrouwenseksperimint yn de bystân. Minder regels en mear frijheid om by te fertsjinjen. Ek soe se as gemeente lokaal eksperimintearje kinne mei in 'Basisynkommen'.
Earmoedebestriding is it fûnemint fan in goed slagge sosjaal belied. Jildsoargen meitsje minsken siik. Earst wannear't skulden en jildsoargen oplost binne, kinne minsken de konsintraasje opbringe om te re-yntegrearjen en in soarchtrajekt súksesfol troch te rinnen. Dêrom moatte minimaregelingen tagonklik en romhertich wêze.
De bystânsútkearing is in belangryk fangnet. Wy binne strang oan 'e poarte: as der wurk is, krijt immen dat oanbean. Ien kear yn de bystân binne we romhertich. Mjittewurk en fertouwen gean foarop yn ús belied. As it nedich is nimme we partisipaasje en soarch en ûnderstypjen op yn in mienskiplik trajekt.
Minimaregelingen kinne mei in inkeldfâldige proseduere oanfrege wurde en sa mooglik automatysk útjûn wurde. Der komt ien oanfraachformulier foar alle regelingen: in 'snel-loket''.
Achtkarspelen wurket ek aktyf mei oan nije ynisjativen fan boargers ta ferbettering fan harren eigen buert. En it is belangryk om ek gear te wurkjen mei oare gemeenten. De minsklike mjitte is dêryn altyd ús earste útgongspunt: de gemeente moat sa ticht mooglik by har boargers stean.
3.4 Meielkoar wurkje oan feilichheid
Tegearre mei de plysje moat de gemeente wurkje oan feilige buerten en yngripe dêr't it mis giet. Mar it foarkommen fan kriminaliteit is noch better. Wy sette yn it bysûnder yn op it foar te kommen fan problemen as gefolch fan radikalisearing en polarisaasje. Want wy binne grutsk op ús iepen en frije maatskippij: dy wearden moatte wy beskermje.
3.5 Gastfrije gemeente
In iepen maatskippij betsjut ek in gastfrije maatskippij. Achtkarspelen biedt minsken dy't op 'e flecht binne foar oarloch of ûnderdrukking in feilige haven. Yn 'e tiid fan harren proseduere binne flechtlingen ûnderdiel fan ús gemeente. Dat freget ynset fan harren sels, mar ek fan ús al lokale mienskip.GrienLinks wol boargers aktyf behelje yn de fêstiging fan flechtlingen. Tsjin rasisme en diskriminaasje fan migranten, froulju en (seksuele) minderheden of minsken mei in beheining stelle wy hurde grinzen. Yn in iepen en gastfrije mienskip moatte wy ús àllegear thús fiele kinne.